Swimmersstee Headammen

16 September 2019

De Headammen lit in privaat-publyk ynysjatyf út de mienskip wei sjen. De wettersportferiening WVS fan Sint Nyk wol, as eigner fan it wetter en de grûn om de haven hinne, graach in ekstra ûntsluting meitsje fan it haven terrein nei de Wielwei ta. Pleatslik Belang Dunegea brûkt it oerwoekere terrein as swimmersstee en de angelsportferiening ‘Ons genoegen’ hat der twa fiskersstegers dy’t der net te bêst bylizze. De Klub fan Oanfiterders wol it terrein tagonklik hâlde foar elkenien en de gemeente De Fryske Marren hat it yn it sin om de grûn te ferkeapjen. It oparbeidzjen tusken dizze partijen is útkommen op in breed droegen plan, dat no útfierd wurdt.