“Rinne yn Frijheid” kriget in oare foarm

Galerie Het Gemaal in Echten

“Rinne yn Frijheid” kriget in oare foarm

Publisearre op:

Rinne yn Frijheid, de kulturele frijheidskuier om Ychten hinne op 13 en 14 juny 2020, giet oer, yn ferbân mei it koronafirus. De iepening fan Galerie It Gemaal as kultureel ynformaasjepunt foar de Tsjûkemar-krite sil op in oare manear foarm krije.

Tydskrift/krante

Mids juny 2020 sil in tydskrift/krante ferskine mei dêryn de ferhalen en de ôfbyldings út de útstallings fan H. N. Werkman en it ûnderdûkte bern Loek Groenteman; de gedichten “Ferdwalen – yn Frijheid” fan de bern fan groep 8 (fan fiif basisskoallen út Ychtenbrêge, Eastersee en Bantegea); en de rûte fan de kulturele frijheidskuier om Ychten hinne, mei ynformaasje oer de ferskate bysûndere plakken.

Galerie It Gemaal yn Ychten

De galerie sil yn de wykeinen iepensteld wurde, sa gau’t dat tastien is en de fierdere maatregels de iepenstelling net yn it paad steane. Yn It Gemaal binne dan te sjen: de útstalling mei “druksels” fan H. N. Werkman; in presintaasje en dokumintêre oer Loek Groenteman as ûnderdûkt bern yn Ychten; en ynformaasje oer de takomstplannen foar de Tsjûkemar-krite yn it algemien.