Yntinsje-oerienkomst wurdt ûnderskreaun

Yntinsje-oerienkomst wurdt ûnderskreaun

Publisearre op:

Op 30 jannewaris 2019 om kertier foar trijen hinne wie it drok op it parkearterrein fan De Leanen, in stee dat troch de Stifting Klub fan Oanfiterders fan de Tsjûkemar opnommen is yn har ûntwikkelingsplannen. De minsken dy’t útnoege wiene, waarden hjir mei kofje of tee ûntfongen, stapte de bus yn en giene de kant fan Eastersee oer.

Underweis waarden de oanwêzigen wolkom hjitten troch Frans Heesen, foarsitter fan de Klub fan Oanjagers, dy’t mear fertelde oer de plannen foar De Leanen. Fuort nêst de A6 biedt dat stee tige gaadlike mooglikheden foar it ûntwikkeljen fan drokke, faaks wat lawaaiige aktiviteiten: in hellingbaan, in lyts strân, restaurant, hotel, ensafuorthinne. Mar hjirfoar moat men wol de meiwurking fan Rykswettersteat hawwe. Dat de Klub sil yn de kommende tiid fierder yn petear mei RWS.

De bus gie fan de A6 ôf en kaam yn Eastersee oan. Dat doarp hat in soad mooglikheden te bieden foar it ûntwikkeljen fan rekreative aktiviteiten. Rekreaasje en bewenners moatte inoar lykwols net “yn it paad sitte”.

Yn it doarp waard it selskip ûntfongen troch skoalbern, Domien Ettema, Nederlânsk Survivalrunkampioen Kerst Wind en Oanfiterder Harmen de Jong. Meiinoar rûnen sy nei it stee dêr’t wurke wurdt oan de Survivalbaan, ynysjatyf fan pleatslike ûndernimmers.

Domien Ettema, bestjoerslid van de Stifting Survivalbaan Eastersee, fertelde koart oer de oprjochting fan it Survivalrun-Bûn Nederlân (1991) en joech oan wat it belang wie fan in Survivalbaan. Hjirby lei er in ferbân mei de moaiste gimmestykles op skoalle: as dêrnei frege wurdt, neame jong en âld de Apekoai. Dit makket dúdlik dat in survIvalbaan in útdaging is foar alle leeftiden. Der wiene ferskillende tydlike hindernissen opsteld: in skeanrak, rin- en krûptriedden en sa. Sa koe Kerst Wind mei de skoalbern fan Eastersee in demonstraasje jaan fan hoe’t dat om en ta giet, sa’n baan de baas wurde. De baan sil noch yn 2019 klear wêze. Foar de feiligens en de beskerming fan it materiaal sil der in stevige ôffreding om it terrein pleatst wurde.

Harmen de Jong, Oanfiterder út Eastersee, joech in taljochting op de fierdere plannen foar de rekreative ûntwikkeling fan Eastersee. Nêst de Survivalbaan wurde in parkearterrein en in nije wei oanlein, fan de Hearrewei oan de haven ta. It doel is, dat hjir in havenpier oanlein wurdt, dat de haven net tichtslykje sil. Om sokke dingen dúdlik te meitsjen waard it ûnwerp troch De Jong op ien fan de stegers yn de haven fierder taljochte. Dêrnei sette de bus ôf nei Dolsterhuzen, dêr it selskip let en set waard yn Hotel-Restaurant “De Tjongervallei”.

Yn de oere oan it ûnderskriuwen fan de Yntinsjeferklearring rûn De Tsjongerdelling fol. Bewenners fan de krite om de Tsjûkemar hinne en minsken dy’t útnûge wiene út de rûnten fan Provinsje, Gemeente, it Wetterskip, de Marrekrite, KHN, YnBusiness en parse follen it restaurân. Yn de sêre wiene ferskate ynformaasjepunten ynrjochte en waarden de kaarten taljochte en fragen beantwurde troch ferskate Oanfiterders.

Om kertier foar fieven hinne waarden de ûnderskriuwers fan de Yntinsje-oerienkomst troch Guus Verhoef, skriuwer fan de Klub fan Oanfiterders, gearroppen. Fiif bern út Dolsterhuzen-Ychtenbrêge wiene der as assistinten by om de saken hânsum ferrinne te litten. Klaas Kielstra (deputearre Provinsje), Frans Veltman (wethâlder Gemeente), Lourens Touwen (De Marrekrite), Jan van Weperen (Wetterskip) en Frans Heesen (foarsitter Stifting Klub fan Oanfiterders) setten har del efter de tafel en setten harren hantekening. Nei trije jier kontakt lizzen, plannen ûntwikkeljen, pitchen en noch folle mear is it slagge: it oparbeidzjen tusken publike en private partijen is fêstlein yn de Yntinsje-oerienkomst, it startpunt om de plende ûntwikkelings om de Tsjûkemar hinne no út te fieren en de mar dêrmei ta in pleisterplak te meitsjen.

Nei it útbringen fan in toast wie it wurd oan de hear Kielstra. Hy lei de klam op de krêft fan Fryslân en de mienskipssin om mei ideeën te kommen dy te ûntwikkeljen en fierder te bringen. Hy sjocht benammen kânsen yn it sykjen fan ferbining mei de omkriten, benammen de kant fan It Hearrenfean oer.

Op it paad nei it tastânkommen fan de Yntinsje-oerienkomst hat de Gemeente in positive en opbouwende rol spile. Wethâlder Frans Veltman joech oan, dat de Gemeente de gelegenheid jûn hat om it ynysjatyf waakse te litten sûnder dêr fan boppe-ôf oanwizings foar te jaan. De ynysjativen fan de Klub fan Oanfiterders fertsjinje neffens him in grut komplimint.

It Wetterskip, yn de persoan fan de hear Van Weperen, spriek syn wurdearring út. Wat him oangiet, stiet de Survivalbaan foar it wurk en de krêft fan de Klub fan Oanfiterders: de tûkelteammen binne oerwûn en no kin men oanpakke. Ek it Wetterskip sil, dêr’t kânsen fûn wurde, meiwurkje oan it ûntwikkeljen fan aktiviteiten op en om de Tsjûkemar hinne.

Mar der binne mear partijen wichtich foar it ûntwikkeljen fan dy aktiviteiten. De hear Touwen fan de Marrekrite fertelde, dat yn de neie takomst troch de Marrekrite € 1 miljoen ynfestearre wurdt yn it fierder ophelpen en ûntwikkeljen fan de Marchjepôle, de Gânzetippe en de Tsjûkepôle. Dêrnjonken hat de Marrekrite it leafst sà, dat de mar foar it rekreative gebrûk yn sônes opdield wurdt. Dy winsk is troch de Klub fan Oanfiterders oppikt en is werom te finen op de Fyzjekaart fan 26 juny 2018.

As lêste kaam Frans Heesen, foarsitter, koart oan it wurd oer de skiednis fan de Klub fan Oanfiterders. De fúzjegemeente De Fryske Marren hat yn Balk foar de Tsjûkemar ferskate planne presintearre, plannen dy’t by eintsjebeslút net útfierd waarden. Crista Diever, Ronald Huese en Grietje Nauta hawwe it ynysjatyf nommen om út de krite wei, mei de oerheid as petearpartner by harren, plannen te ûntwikkeljen foar it ynrjochtsjen fan de mar en de krite om de mar hinne. Yn de trije en in heal jier dêrnei hawwe Judith Porsius (Provinsje Fryslân), Wim van Gorkum (Streekwurk) en Peter de Wit (Gemeente De Fryske Marren) de Klub fan Oanfiterders mei rie en die bystien. Nei al it gearkommen, pitchen, skriuwen, breinstoarmjen ensafuorthinne is it no tiid om mei it útfieren fan de ynysjativen te begjinnen. No moat de rekreant ynteressearre wurde yn de krite en de mar lykas wy dat wolle: meiinoar, dêr’t kultuer, natoer, ûnderwiis ensafuorthinne ek in wichtige rol spylje.